Harkyt krijt straf foar it riden mei drank op

(foto-ympresje) © ANP
In man fan 44 jier út De Harkema is woansdei feroardiele ta in wurkstraf fan 60 oeren en in rydûntsizzing fan in jier, omdat hy dronken achter it stjoer siet. De man ûntkende sels dat hy riden hie. Op 5 febrewaris hie in autobestjoerder yn De Harkema mei syn auto in pear kontainers ramd en wie dêrnei de boskjes ynriden. Omstanners kamen dêr op ôf. Sy woene de bestjoerder tsjinhâlde en de kaaien út it kontakt helje, mar dat slagge net en de bestjoerder ried wer fuort.
Wol seagen tsjûgen wêr't hy útstapte en yn hokker hûs hy nei binnengong. Sy hawwe dêr ek ferklearrings oer ôflein, mar de man hâlde syn ûntkenning fol. Oer wa't dan ál riden hie, woe hy neat sizze. Hy wurke wol mei oan it alkoholûndersyk. Hy hie mear as fiif kear tefolle dronken.