Meardere brantsjes yn isolaasjefabryk Soprema yn Drylts

It fabryk foar isolaasje en dakbedekkingsmaterialen fan Soprema yn Drylts is woansdeitemiddei ûntromme nei in brânmelding. Soprema sit oan de Geeuwkade yn Drylts. De earste brânmelding kaam om goed healwei twaen, mar waard letter opskaald.
Neffens in wurdfierder wie de earste brân al gau ûnder kontrôle. Sy koe net oanjaan wat yn de brân stien hie. Inkele oeren letter wie it lykwols opnij raak by it bedriuw. It fjoer siet doe yn in silo mei saneamde aktive koal. Dit is in spesjaal behannele koalstof dy't troch adsorpsje alderhande stoffen oan him bine kin. De brânwacht hat de silo kontrolearre leechrinne litten.
Soprema is fan oarsprong in famyljebedriuw út Straatsburg, mar yntusken binne oer de hiele wrâld fêstigingen en fabriken.