Hôf: Boete foar oanreitsjen telefoan yn auto ûnterjochte

It yn de auto oanreitsjen fan in mobile telefoan yn in hâlder yn de auto is net strafber. Dat hat it Gerjochtshôf yn Ljouwert woansdei bepaald yn in saak dy't oanspand wie troch in man út Snits.
De Snitser krige foarich jier in boete fan 236 euro omdat hy mei syn telefoan yn de hâlder dwaande wie. Foar de kantonrjochter ferlear de man syn ferset tsjin de boete, mar it Hôf hat de man gelyk jûn. De Snitser, Jeroen Peters, wie by de sitting. Doe't er de boete krige, tocht er fuort: "Dit vecht ik aan. Als ik het had gedaan, is het jammer en moet je op de blaren zitten, dan betaal je het bedrag. Maar ze zeggen dat ik iets heb gedaan wat niet zo is."
Neffens it Hôf stiet it oanreitsjen fan de telefoan nét gelyk oan it fêsthâlden dêrfan. Dat lêste smyt wól in boete op. De Snitser krijt it boetebedrach werom.
Mei de telefoan yn de hân belje of appe mei net. Yn de wet stiet dat it fêsthâlden fan in telefoan ûnder it riden ferbean is.