Nij netwurk 'Wat ús bynt' wol Friezen byinoar bringe

It bysûndere fan Fryslân en it Frysk-eigene behâlde. Dat is it doel fan 'Wat ús bynt', de namme fan it nije netwurk fan sa'n sechstich Fryske ferieningen en klups. Foarbylden binne toanielklups, útjouwers, muzykferieningen, dus foaral kulturele organisaasjes. Tiisdeitejûn wie de earste inisjatyfgearkomste, dy't iepene waard troch deputearre Sietske Poepjes. Sy sei dêrby: "We hawwe goud yn hannen. Yn dizze wrâld fan globalisearing, wêryn't alles opinoar begjint te lykjen, is it belangryk om te sjen nei wat dysels spesjaal makket. En dat is by Fryslân it lânskip, de skiednis, de taal."
Doel fan it nije netwurk is om mei-inoar yn kontakt te bliuwen, inoar te helpen en faninoar te learen.