Teäterstik oer mislearre revolúsje Piter Jelles Troelstra

Der is in teäterstik makke oer de mislearre oprop ta in sosjalistyske revolúsje fan Piter Jelles Troelstra yn 1918. Dit is no hûndert jier lyn, in moaie oanlieding foar de Stifting Kulturele Betinkingen Fryslân om dêrby stil te stean.
Fjouwertûzen Fryske middelbere skoalbern gean kommende wiken nei it stik ta. Yn it foar krije se les oer it ûnderwerp en moatte se slogans betinke, dy't se yn it stik brûke moatte. It stik giet tiisdeitejûn yn premjêre. It is dus bedoeld foar middelbere skoallen, mar yn april is der ek in kear in iepenbiere foarstelling dêr't elkenien in kaartsje foar keapje kin.