"Miljeu-effektrapport wynpark Nij Hiddum-Houw no folslein"

© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
It miljeu-effektrapport foar wynpark Nij Hiddum-Houw by de kop fan de Ofslútdyk is folslein. Dat seit de kommisje foar de Milieu Effekt Rapportaazje. De kommisje hie earder fragen by it rapport, dat net folslein wêze soe. Dat rapport is oanfolle en op 'e nij beoardiele.
Neffens de kommisje stiet no wol alle essinsjele ynformaasje yn it rapport. Dat jout in goed byld fan de ûndersochte opstellingen en de romte om mei de turbinen skowe te kinnen. Om dy reden kinne de miljeu-effekten fan de mûnen meinaam wurde yn de beslútfoarming fan de provinsje en de gemeente.
It is de bedoeling dat der njoggen wynmûnen komme fan elk twahûndert meter heech.