Dielauto De Trisken begjint mei taksytsjinst
De dielauto fan de Drachtster wyk De Trisken hat tiisdei syn earste ritsje makke. De dielauto is allinnich bedoeld foar de wykbewenners fan De Trisken en is in soarte fan taksytsjinst. Foar ien euro de rit kinne ynwenners fan De Trisken nei elk plak yn de gemeente Smellingerlân brocht wurde. It projekt wie ein jannewaris al oankundige, mar de earste rit liet noch op him wachtsje. Dat komt, omdat der gjin laadpeal is foar de elektryske dielauto. Op dit stuit is dy der noch hieltyd net, mar der is dochs foar keazen om mei de dielauto útein te setten.
Gjin iepenbier ferfier yn de Trisken
Neffens projektkoördinator Hans Verhoef is it belangryk dat de dielauto fan start giet, fanwege de mobiliteit fan de wykbewenners. "In De Trisken wonen meer dan 3000 mensen en het is vijf kilometer van de wijk naar het centrum, maar er is geen openbaar vervoer in de wijk." Annie Nonkes is de earste passazjier fan de dielauto. Sy fynt it in moai inisjatyf, mar tinkt net dat elkenien al goed op de hichte is fan de dielauto. "De deelauto zorgt ervoor dat ik niet hoef te fietsen en door de kou hoef en dat scheelt. Als het zo doorgaat, verwacht ik dat dit project wel gaat lopen."