Boargemaster Van de Nadort ferset him tsjin moasje

Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf hat moandeitejûn in moasje fan CDA en VVD oerlibbe. Riedsleden Marcel Bos (CDA) en Richard Bos (VVD) woene de boargemaster mei de moasje twinge om skriftlik ferslach te dwaan fan syn ynbring by in gearkomste fan de Feilichheidsregio. Nei't de boargemaster dat wegere en der in fertrouwenskwestje fan makke, lutsen de riedsleden de moasje nei in ûnderbrekking foar in part yn. De riedsleden meitsje harren grutte soargen oer in tekoart fan 2,2 miljoen euro by de Fryske brânwacht. Gemeenten moatte meibetelje oan dat tekoart.