Sneltsjinst Harns, Skylge en Flylân ferfalt om iisgong

De rappe boat fan Doeksen © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De sneltsjinst fan rederij Doeksen tusken Harns, Skylge en Flylân komt woansdei te ferfallen. Reden is de iisgong yn de Waadsee. Der wurde twa ekstra feartsjinsten ynset: fan Skylge nei Harns om 17.30 oere en fan Harns nei Skylge om 19.55 oere. De oare ôffearten fan de feartsjinst binne neffens de tsjinstregeling.