Aksje by wenningkorporaasjes yn Fryslân en Grinslân

Meiwurkers fan wenningkorporaasjes yn Fryslân en Grinslân fiere tiisdei aksje foar in bettere CAO. Tiisdei 27 maart is der in grutte lanlike stakingsdei yn Utrecht en dizze aksje is in soarte fan foarpriuwke. Der wurdt ûnder oare in leansferheging fan 2 persint easke oer 2017 en dit jier moat der 3,5 persint by. Fierder wolle de fakbûnen dat de korporaasjes mear maatregels nimme om de wurkdruk oan te pakken.