Weststellingwerf wol bettere treinferbining Wolvegea

Trein op it stasjon fan Wolvegea © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeente Weststellingwerf set him yn foar in bettere treinferbining tusken Wolvegea en Zwolle. Yn de nije tsjinstregeling fan de NS rydt de stoptrein net mear troch nei Zwolle. Meppel is in oerstappunt en dat makket de treinreis nei Zwolle goed 20 minuten langer. Boargemaster en wethâlders fan Weststellingwerf fine dat ûnakseptabel. Se wolle dat de NS de tsjinstregeling oanpast. Neffens wethâlder Jack Jongebloed gean guon ynwenners no mei de auto nei Stienwyk om dêr de trein nei Zwolle te nimmen. Dat fynt er in minne ûntwikkeling. It stiet heaksk op de ambysjes fan de gemeente om duorsum te wêzen, seit er.
It buro RailEvent docht ûndersyk nei ferskate tsjinstregelingen. Neffens dat buro binne der mooglikheden om de ferbining Wolvegea-Zwolle te ferbetterjen, sûnder de besteande tsjinstregeling folslein om te goaien.