Hannah is hûndertste learling op skoalle yn Ie

De basisskoalle yn Ie hat moandei de hûndertste learling binnenhelle: dat wie de 4-jierrige Hannah de Bruijn. Foar De Gearing is it in bysûnder momint, foaral ek omdat de measte skoallen yn it gebiet te kampen hawwe mei in tebekrinnend tal learlingen. De groei giet ek behoarlik hurd. De Gearing kriget der de lêste tiid alle jierren sawat tsien learlingen by.
De groei hat ek in skaadkant, want de klassen wurde hieltyd grutter. Yn de leechste groep sitte no 35 bern, want der is gjin jild foar ekstra learkrêften.