FIDEO: Wurk oan de dyk yn Burgum

Wa't de kommende moannen troch Burgum ride wol, moat goed útsjen. In part fan de trochgeande dyk yn Burgum leit der de kommende tolve wiken út. Dy dyk krijt in hiel oar karakter om't der minder ferkear komt, no't de Sintrale As der leit. Salang't oan de dyk wurke wurdt, is in omliedingsrûte, mar minsken kinne ek oer de Sintrale As fan en nei Burgum.
De trochgeande dyk by de Esso oant boppe de krusing by Auto Schat is ôfsletten foar ferkear. Der komme twa rotondes en de dyk wurdt opnij ynrjochte. De omlieding duorret op syn heechst tsien wiken.