Sjongfestival Liet wurdt grutter en publyk krijt ek in stim
It Fryske sjongfestival Liet giet wer fan start. Nij is dat dielnimmers meidwaan kinne oan workshops om har nûmer better te meitsjen ûnder lieding fan professionals. En de stim fan it publyk wurdt ek belangriker.
"We zetten, samen met Omrop Fryslân, meer in op talentontwikkeling. Mensen die een zetje nodig hebben, hun tekst of de compositie willen verfijnen, kunnen terecht op onze workshopdag. Die is zaterdag 17 maart in Neushoorn in Leeuwarden," fertelt Yvonne Bleize, foarsitter fan Liet. "Er is bijvoorbeeld een masterclass van Jan Tekstra, maar ook Liet-winnares Aafke Zuidersma is er om je te helpen. Juist als je een liedje hebt, dat nog niet af is, moet je komen. Je krijgt dan professioneel advies en daar help je jezelf alleen maar mee. Doe mee, want het wordt echt grootser dan ooit."
Om't it publyk in stim krijt yn wa't de dielnimmers fan Liet binne, moatte de ferskes yn it foar wol te sjen wêze. "We nemen het liedje op de workshopdag op en die video is dan de inzending. Ook kun je natuurlijk zelf een video insturen." In faksjuery makket in seleksje fan de ynstjoeringen. "Omrop Fryslân zet die liedjes twee weken lang in de etalage, door elke middag een deelnemer uit te nodigen in de uitzending."
Foar 6 april moatte de ynstjoeringen binnen wêze. Foar ynformaasje, en foar opjefte fan de workshopdei, sjoch op www.liet.nl. De finale fan Liet is 13 maaie en de winner dêrfan fertsjintwurdiget Fryslân op Liet International. Dêr komme 14 muzikanten út ferskate minderheidstaalgebieten yn Europa.