Fryske musea wiis mei fakânsjedrokte troch kampanje
As pake en beppe bliid binne dat de drokte mei de bernsbern wer oer is nei de fakânsje, dan hat dat net oan de Fryske musea lein. Dy ha har bêst dien om de bern te fermeitsjen, sadat pakes en beppes dat net sels hoegden te dwaan. De musea organisearje al jierren de kampanje 'Help pake en beppe de fakânsje troch', mei allegear aktiviteiten spesjaal foar bern. Dy meie fergees nei binnen, op fertoan fan pake en beppe. Dy formule wurdt in hieltyd grutter sukses.
"Dit jier die in rekôrtal fan 39 musea mei. Nij dit jier wie dat Museum Belvédère yn Oranjewâld ek meidie," fertelt Lisette Zwerver fan de Museumfederaasje Fryslân. "Dêr kamen 1.700 besikers. Topper wie it Natuurmuseum, dy't dit jier in tentoanstelling oer skriezen hat. Dat museum lûkt altyd al in soad bern, dizze fakânsje wienen der 5.000 besikers. Yn it Fries Scheepvaart Museum koenen bern leare hoe't it is om as in Fiking te libjen. Se makken in swurd en in skyld en koenen dêrnei swurdfjochtsje."
De Museumfederaasje is net fan doel om dit konsept nei oare skoalfakânsjes út te wreidzjen. "Dizze fakânsje past just goed om't it de start fan it seizoen is. Yn bygelyks oktober mei de hjerstfakânsje wurdt al in soad organisearre. Doel is dat we bern nei in museum lûke en dat se nochris wer komme. Troch de aktiviteiten dy't organisearre wurde, fernimme se dat in museum net saai is."