Koartebaan en FK foar pupillen yn Fryslân

argyffoto © Omrop Fryslân, Maarten Bruining
Nei de maraton op natueriis yn Haaksbergen op woansdeitejûn, binne no ek twa wedstriden oankundige op natueriis yn Fryslân. It Frysk kampioenskip foar de âldste pupillen A en B is tongersdeitemiddei om 13.00 oere yn Steggerda. Opjefte kin oant tongersdei 10.30 oere.
Yn Nijlemmer is tongersdeitejûn in koartebaanwedstriid foar manlju fan 16 jier en âlder om 19.30 oere.