CDA-Fryslân bliid oer Mauro

© Omrop Fryslân
CDA-Fryslân is bliid mei it beslút fan de lanlike fraksje dat Mauro foarearst bliuwe moatte kin. De jonge Angolees moat dan wol in stúdzjefisum yntsjinje om in ICT-stúdzje folgje te kinnen. De folsleine CDA-fraksje wol no dat minister Leers maatregels nimt sadat Mauro mei de behanneling fan de fisumoanfraach yn it lân bliuwe kin. Foarsitter Douwe Tamminga fan CDA-Fryslân beseft dat it beslút gjin gefolgen hat foar soartgelikense gefallen as Mauro.