Biltske ferzje fan 'De schimmelruiter' yn eigen streekblêd
Fan it Dútsk yn it Nederlânsk en no yn it Biltsk. 'De schimmelruiter', nei it ferneamde boek 'Der Schimmelreiter' fan de Dútske skriuwer Theodor Storm, is yn it Biltsk oerset: 'De skimmelruter'. De oersetting wie der al goed 46 jier. Dizze waard yn de santiger jierren makke troch Sytse Buwalda en Arjen Dijkstra.
De multymap, mei dêryn de Biltske tekst ferdwûn destiids yn it argyf fan Buwalda. Doe't de produksje 'De stormruiter' op it programma kaam fan LF2018, heugde Buwalda him de oersetting wer. Hy socht de tekst op en gie mei Leendert Ferwerda oan de slach. De tekst waard oanpast oan de taal fan no en ynfierd yn de kompjûter.
No ferskynt 'De skimmelruter' tritich wiken lang, alle wiken yn De Bildtse Post. As 'De stormruiter' yn premjêre giet, hawwe alle ôfleveringen te lêzen west yn it streekblêd.