Andries Bouwman beëdige as kommisjelid CU yn Steaten

Andries Bouwman © ChristenUnie
Andries Bouwman út Ljouwert is woansdei troch de kommissaris fan de Kening beëdige as kommisjelid foar de ChristenUnie yn Provinsjale Steaten. De 32-jierrige Bouwman komt út Ljouwert en wurket by NHL Stenden as teamlieder by de Retail Business School. Bouwman is polityk aktyf as foarsitter fan de kiesferiening Ljouwert en kampanjelieder provinsje fan de ChristenUnie.
Bouwman sil him ynsette op de mêden sirkulêr ûndernimmen, ynnovaasje, Europa en lobby. Fierder sil er fanwegen syn belangstelling foar keunst en kultuer, de portefúlje kultuer en erfgoed opkrije. Andries Bouwman is troud en hat twa bern.