It Hearrenfean krijt 45 nije duorsume hierwenten

Op It Hearrenfean komme tiisdei 45 nije duorsume wenningen yn de ferhier. Wenningboukorporaasje Accolade wol mei de wenningen ynspylje op de grutte fraach nei enerzjysunige huzen, dy't wol ûnder de sosjale hiertaslachgrins lizze. De wenningen komme oan de Sieger van der Laanstrjitte, Kempenaersingel en de Van Dekemaleane. Letter dit jier komme der op de Van der Laanstrjitte nochris 25 fan dit soart huzen by yn de ferhier.
De bou fan de wenningen set yn april útein. Minsken dy't yn it ferline yn dizze strjitten yn huzen fan Accolade wenne hawwe en twongen ferhúzje moasten, krije foarrang as se weromkomme wolle.