FNP wol gjin opslach fan kearnôffal yn Fryslân

© ANP
De FNP yn Provinsjale Steaten sit deroer yn dat it Ryk de opslach fan kearnôffal yn Fryslân trochsette wol. De partij skriuwt it kolleezje fan Deputearre Steaten, dat de provinsje fêsthâlde moat oan it Streekplan. Dêryn stiet dat Fryslân gjin kearnôffal, CO2 of oare frjemde stoffen yn de grûn ha wol.
It Ryk wol it brûken fan djippere ûnderlagen regelje, docht bliken út in rapport. Dêr hat it Ryk ek oer praat mei de provinsje, mar de opslach fan radio-aktyf ôffal is gjin ûnderdiel fan de ôfspraken. De FNP wol witte oft de provinsjale en gemeentlike polityk meiprate mei oer dizze kwestje.