Boeren krije ekstra provinsjejild foar wiete greiden

De provinsje stelt 180.000 euro beskikber foar boeren, om harren lân wieter te meitsjen. Wiet lân is goed foar de greidefûgels. It jild is allinnich beskikber foar boeren, dy't foar ein 2017 in oanfraach dien hawwe. Der wie 180.000 euro mear oanfrege as de doe beskikbere ton. De provinsje wol de boeren no mei it ekstra bedrach temjitte komme.
Boeren kinne it jild brûke, om bygelyks it wetterpeil te ferheegjen of op oare wizen lân ûnder wetter te setten. It jild is bedoeld foar boeren en grûneigeners, dy't fia harren agrarysk kollektyf subsydzje oanfrege hawwe. Dêr binne der sân fan yn Fryslân.