App brûke ûnder it autoriden? Studinten winne mei dat idee

In app brûke ûnder it autoriden. It klinkt hiel ûnfeilich, mar dochs is dat freed it winnende idee fan in hackaton fan trije dagen, organisearre troch it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens en NHL Stenden Hegeskoalle. By de hackaton waarden fjirtich studinten fan ferskate opliedingen byinoar set, om te betinken hoe't de ferkearsfeiligens fergrutte wurde kin.
De app BROEMM is in soarte fan game. Ast yn de auto stapst, setst dyn telefoan yn de automodus. De telefoan is dan net mear te brûken, mar mjit wol alles watst ûnderweis dochst, fan snelheid oant slingerjen. Nei it riden krijst te sjen, hoe'tst it dien hast. Kinst ek punten skoare en tsjin dyn freonen spylje.
De groep studinten mei it winnende idee hat in heal jier de tiid, om it plan fierder te ûntwikkeljen. Dêrnei moat BROEMM te krijen wêze yn de app- en playstore.