Prinsesse Beatrix is 80 jier: anekdoate fan in moeting

Prinsesse Beatrix fiert har 80ste jierdei woansdei. Se docht dat yn in lyts fermidden mei famylje en sneon is der grut feest yn it paleis op de Dam.
Marijke van der Hoek út Drachten hat de âld-keninginne wolris troffen. Dat wie op 7 oktober 1997 doe't Beatrix op steatsbesite wie yn Grikelân. Se wenne doe al in pear jier yn Athene en waard, lykas alle oare Nederlanners yn Grikelân, útnûge foar de resepsje dy't jûns hâlden wurde soe. Se fertelt deroer yn De middei fan Fryslân.
"We mochten op audiïnsje komme, mar ik soe jûns al nei Drachten fleane foar de jierdei fan ús mem, dus dat soe neat wurde. Ik wie aktyf yn de feriening fan Nederlanners yn Grikelân en betocht dat it aardich wêze soe om middeis wat te dwaan mei famyljes mei lytse bern. Dy koenen jûns ommers net mei nei de resepsje. Myn beide soannen, Panos en Alexander wienen doe 3,5 en goed in jier. Mei syn allen stienen we by it hotel, it moaiste en djoerste, fan Athene har op te wachtsjen. Foar de jonges hie ik in papieren feesthoed makke en op dy fan Alexander hie ik syn namme set, om't Beatrix har soan ek sa hyt. We stienen moai foaroan. As ynstruksje hienen we meikrigen dat we allinne mar prate mochten as de keninginne as earste wat tsjin ús sei. 'Wat een mooie hoed' sei se op de reade loper. Dus doe mocht ik ek wat sizze om't sy begûn wie, dus ik sei: 'En hij heet ook nog eens Alexander.' Se nûge alle famyljes mei nei binnen, dat wie in folsleine ferrassing. Yn har gefolch wie ek in adjudant, in man yn in wyt pak en prins Claus wie der ek by. Hy makke grapkes, echt in man mei humor. Soks bliuwt je wol by, mar de bern witte it net mear. Allinne de man yn it wite pak hat yndruk makke op myn soan, dus net de keninginne sels."