Boeren lilk om nij guozzebelied provinsje

Tsientallen lilke boeren wiene tiisdei by de kommisjegearkomste fan de provinsje om hearre te litten dat se tsjin it nije guozzebelied binne. De boeren binne benaud foar de finansjele konsekwinsjes. De provinsje hat it guozzegebiet lytser makke. Dêrtroch falle in soad boeren bûten it gebiet. Se krije dan minder jild, om de skea dy't de guozzen feroarsaakje, te fergoedzjen.
De kommisje hat de beswieren fan de boeren oanheard. It is noch net bekend wannear't de kommisje der in oardiel oer jout.