Wethâlder De Graaf: "Klachten oer ferfier Jobinder nimme ôf"
Jobinder út Noardeast-Fryslân hie in muoisume start, mar it ferfierbedriuw kriget it learlinge- en Wmo-ferfier hieltyd better yn de fingers. Dat sei wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel tongersdeitejûn by in debat oer de startproblemen by it bedriuw.
Dy problemen liigden der net om. Op de earste dei waarden tweintich bern net ophelle, op de twadde dei bleaune acht bern stean en op de tredde dei fiif. Ek wiene de wachttiden faak fierstente lang.
It tal klachten oer Jobinder nimt neffens Pytsje de Graaf hurd ôf. It bedriuw hat dizze wike noch wol oan ferskate minsken mei klachten ekskuzen oanbean en yn guon gefallen ek blommen besoarge. Minsken dy't hege telefoankosten makke ha fanwege de bernesykten by Jobinder kinne dêr kompensaasje foar krije. Yn de earste wike moasten minsken dy't Jobinder bellen gauris tsien minuten of langer wachtsje en dêr ek noch tsien sinten de minút foar betelje. Dat taryf is yntusken ferlege nei fiif sinten de minút.
It ynterpellaasjedebat wie oanfrege troch Jouke Douwe de Vries fan Dongeradiel Sosjaal. Ek hy krige de ôfrûne wiken in soad klachten oer Jobinder. De Vries wol dat it telefoannûmer fan Jobinder in fergees nûmer wurdt yn plak fan in nûmer dêr't je ekstra foar betelje moatte. De Graaf sei ta dat se dat beprate sil mei it bestjoer fan de mobiliteitssintrale.
Jobinder is in mienskiplike regeling fan seis gemeenten yn Noardeast-Fryslân. It bedriuw fersoarget sûnt begjin dit jier it learlinge- en Wmo-ferfier yn dy gemeenten.