"Mear dúdlikheid oer lûdshinder wynpark Nij Hiddum-Houw"

© Omrop Fryslân
Yn it miljeu-effektrapport foar wynpark Nij Hiddum-Houw by de kop fan de Ofslútdyk moat dúdliker oanjûn wurde hoe't de lûdshinder bepaald en beoardiele is. Dat seit de kommisje foar de Milieu Effect Rapportage. It is de bedoeling dat der njoggen wynmûnen komme fan elts twahûndert meter heech. Yn it miljeu-effektrapport binne trije alternativen ûndersocht. Dy ferskille fan elkoar yn oantal turbines, de ashichte en de rotor-diameter fan de turbines. Op grûn fan de fergeliking is keazen foar it lytste oantal en de heechste turbines.
Net folle ferskil
De alternativen soene wat lûdshinder oanbelanget net hiel bot fan elkoar ferskille. De kommisje fynt it ûndúdlik op hokker ynformaasje dy konklúzje basearre is. Sa is it net dúdlik hokker opstellingen fergelike binne, hoe grut de ferskillen by in legere lûdsbelêsting binne en oft it ferpleatsen fan turbines foar minder oerlêst soarget.
Yn it miljeu-effektrapport moat hjir ynformaasje oer komme, fynt de kommisje. De provinsje en de gemeente sille hjir no mei oan de slach.