"Regio moat sels wurk foar húsdokters oantreklik meitsje"

© Omrop Fryslân
De regio is sels oan set om it foar húsdokters oantreklik te meitsjen om dêr te wurkjen. Dat seit minister Bruins fan Medyske Soarch en Sport yn antwurd op fragen fan de VVD-Keamerleden Aukje de Vries en Leendert de Lange. Sy hiene fragen steld oer it tekoart oan húsdokters yn ûnder oare Fryslân. Yn gebieten dêr't it lestich is om in húsdokter te finen, is de regio ferantwurdlik om nei in oplossing te sykjen, fynt de minister.
Soarchfersekerders hawwe dêrby neffens Bruins in wichtige rol. Sa siket De Friesland Zorgverzekeraar nei in húsdokter foar pasjinten, dy't der sels net ien fine kinne. Gemiddeld binne der foar hiel Nederlân 4,3 húsdokters op tsientûzen ynwenners. Foar Fryslân binne dat der 4,5. Ek wat de leeftiid fan húsdokters oanbelanget wykt Fryslân net bot ôf fan de rest fan it lân. It oandiel 55-plussers is hjir 34 persint, lanlik is dat 31 persint.
It is de bedoeling dat der fan 't maitiid in mienskiplik aksjeplan is om it tekoart oan húsdokters yn benammen Ljouwert oan te pakken. Under oare húsdokters, de provinsje, de GGD en De Friesland Zorgverzekeraar jouwe dêryn oan hoe't in húsdokter stipe wurde kin by de start fan in nije praktyk, hoe't de fêstiging fan húsdokters makliker makke wurde kin en hokker technologyske middels der ynset wurde kinne.