Gjin boustop Markt Dokkum mear; werynrjochting kin fierder

De werynrjochting fan de Markt yn Dokkum wurdt woansdei of tongersdei wer oppakt. Undernimmer Jan Leegstra fan Gytsjerk hat syn beswier dat er ein desimber yntsjinne hie tsjin de werynrjochting, ynlutsen.
De rjochter hie de gemeente ein desimber in boustop oplein fan seis wiken nei it beswierskrift fan Leegstra. No't hy syn beswier ynlutsen hat, is de boustop der ek ôf en kin it wurk oan de Markt dus wer fierder.
Gemeente komt Leegstra temjitte
Leegstra hat dêr in winkelpân. Hy wie benaud foar ferlies fan parkearplakken troch ûnder oare de iisfontein dy't op de Markt boud wurdt. Ek woe er mear mooglikheden foar syn gebou. Dêr is de gemeente him no yn temjitte kaam. Neist de bestimming detailhannel, hat syn pân no ek lichte hoareka as bestimming. Dat betsjut dat der bygelyks in lunchroom of in bêd en brochje yn komme mei. In kroech of disko is net tastien.
IIsfontein op tiid klear?
It is noch ûndudlik oft de iisfontein op tiid klear is foar de offisjele iepening fan de alve fonteinen op 18 maaie. Dêr moat noch in fergunning foar oanfrege wurde en dat is oant no ta net gebeurd.
De rekonstruksje fan de Markt yn Dokkum hâldt ûnder oare yn dat der mear grien komt en dat de kontoeren fan de âlde Abdijtsjerke wer sichtber makke wurde.