Noardlike brêge Stevinslûzen opnij ôfsletten, ferkear omlaat

© CAMJO media
De noardlike brêge yn de Stevinslûzen op de Ofslútdyk is woansdeitemiddei opnij ôfsletten foar it ferkear. Moandei stiene auto's rjochting Noard-Hollân troch in steuring fjouwer oeren yn de file. Diskear wurdt it ferkear omlaat oer de súdlike brêge, yn ferbân mei in test.
De steuring fan moandei lei oan in stikkene printplaat. Dy wurdt woansdeitemiddei ferfongen en moat dêrnei test wurde. Dêrfoar moat de brêge as proef iepene wurde. Rykswettersteat wol gjin risiko nimme en hat it ferkear út foarsoarch omlaat.
As de reparaasje slagget, kin ek it skipfeartferkear der wer lâns. Dat wie sûnt de steuring fan moandei net mooglik. Doe duorre it oeren foardat it ferkear oer de oare brêge laat wurde koe. Wurdfierder Patricia Troost seit, dat no besjoen wurdt oft de fangrail by de brêge ferfongen wurde kin. Dan kin by steuringen folle flugger in omlieding ynsteld wurde.