Kariljon Ljouwert klinkt foar hillige Antonius

De nammedei fan de hillige Antonius wurdt woansdei fierd en dat bart op bysûndere wize. It kariljon fan it stedhûs yn Ljouwert wurdt in oere lang let. Dit wurdt mooglik makke troch it Sint Anthony Gasthuis, dat ferneamd is nei de hillige Antonius. It gasthûs hat foar it bespyljen in spesjale stedsbeierdier út Grins oanlutsen. Hy sil yn it ramt fan Kulturele Haadstêd alle freedtemiddeis tusken 12.00 en 13.00 oere it kariljon bespylje. Dêrnjonken wurdt it kariljon ek op heechtiidsdagen let.
Utsein fan it bespyljen fan it kariljon, is der woansdei ek in spesjale lunch mei sop en boffert yn de bestjoerskeamer fan it Sint Anthony Gasthuis.