Harns slút baggerkontrakt foar seehaven mei De Boer

Harns hat in nij kontrakt sletten foar it baggerjen fan de seehaven © Joachim de Ruijter
De gemeente Harns hat in nij ûnderhâldsbaggerkontrakt sletten foar de seehaven. Baggerbedriuw De Boer út Sliedrecht is as bêste út de bus kaam by in Europeeske oanbesteging. Der hiene sân partijen op yntekene, mar De Boer wie wat kwalitateit en priis oanbelanget de bêste, seit Harns.
Beide partijen ha in kontrakt foar fiif jier tekene en dat kin mei nochris fiif jier ferlinge wurde. De gemeente Harns hat by it oanbesteegjen fan it baggerwurk gearwurke mei oare havens yn Noard-Nederlân.