Wetterskea oan fûnemint iuwenâld blokhûs Starum falt ta

It fûnemint fan it iuwenâlde blokhûs fan Starum © Omrop Fryslân, Joline Dalstra
De skea oan it fûnemint fan it iuwenâlde blokhûs fan Starum liket ta te fallen. Dat docht bliken út in earste ynventarisaasje fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It monumintale fûnemint sit yn in tydlike behuzing om it te beskermjen tsjin de eleminten. Troch al it reinwetter fan de ôfrûne wiken is dat folrûn. It wetter is der no út pompt en der wurdt besjoen hoe't foarkaam wurde kin dat soks wer bart.
Op it stuit wurdt der wurke oan in replika fan de boarch dy't yn de 16e iuw yn it sintrum fan Starum stie. It fûnemint wurdt ferwurke yn in glêskonstruksje yn de flier fan dat gebou.