Nij kolleezje gemeente Ljouwert presintearre

It kolleezje fan de gemeente Ljouwert bestiet de kommende fjouwer jier út de PvdA, CDA, PAL/GrienLinks en D66. Dat is tiisdeitemiddei bekend wurden op in parsekonferinsje fan de gemeente. Sjoerd Feitsma en Henk Deinum fan de PvdA en Friso Douwstra fan it CDA komme werom as wethâlders. Hilde Tjeerdema út namme fan D66 en Herwil van Gelder fan PAL/GrienLinks binne nij yn it kolleezje. Tjeerdema wie de ôfrûne jierren fraksjefoarsitter fan D66 yn de Ljouwerter gemeenteried, Herwil van Gelder wie wethâlder fan GrienLinks yn de Grinzer gemeente De Marne.
Yn fergeliking mei it foarige kolleezje hat de PvdA ien wethâlder minder. Andries Ekhart komt net wer werom. Hy giet fierder as riedslid. Dat docht er ûnder lieding fan Lutz Jacobi. It âld-Twadde Keamerlid wurdt de nije fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Ljouwert.
It nije kolleezje moat flink besunigje. De gemeente Ljouwert hat maatregels nommen om it tekoart fan 13 miljoen euro op it sosjale domein op te lossen. Yn de soarchsektor is sprake fan in miljoenetekoart.