Bijleveld fuort as haadredakteur fan it Friesch Dagblad

Hildebrand Bijleveld hâldt mei yngong fan 1 febrewaris op as haadredakteur fan it Friesch Dagblad. Bijleveld begûn op 1 oktober ferline jier as einferantwurdlike fan de krante. Nei goed trije moanne kaam er ta de konklúzje dat syn fisy ûnfoldwaande oansleat by dy fan de redaksje, sa foel tiisdei yn it Friesch Dagblad sels te lêzen.
Bijleveld bliuwt wol yn tsjinst by NDC mediagroep, it bedriuw dêr't it Friesch Dagblad ûnderdiel fan is. Bijleveld wie de opfolger fan Lútsen Kooistra.