Eastermar ferdielt miljoenen: ien lot smyt 76.968 euro op

De ynwenners fan Eastermar dy't yn de prizen foelen by de Nationale Postcode Loterij krije foar ien lot 76.968 euro. Dan moatte se wol meispylje mei it maksimaal oantal Kanjerpunten. Dat is freedtemiddei yn Eastermar troch de lotterij bekendmakke. It miljoenebedrach, de helte fan de 53,9 miljoen euro út de PostcodeKanjer, waard ferdield oer 273 dielnimmers.
By de bekendmakking wie it grut feest yn it doarp mei postkoade 9261. Presintator Gaston Starreveld makke op in grut poadium it bedrach bekend. De sjeks mei ferskate jildbedragen fleagen troch it publyk.
De oare helte fan de 53,9 miljoen euro gie nei twa famyljes op de Industriewei yn Eastermar. Dat waard op nijjiersdei al bekend. Tjeerd en Marianne krije 9 miljoen euro, de oare 18 miljoen geane nei Sonja en Romke yn it hûs derneist.