Krystkongres studinten oer weromkommen Fryske universiteit
De Fryske universiteit komt werom. Dat wie alteast it tema fan it 85e krystkongres fan de Federaasje fan Fryske studinteferienings yn Frjentsjer. De Fryske studinten út Grins en Wageningen waarden woansdeitemoarn ûntfongen troch boargemaster Eduard van Zuijlen fan Frjentsjerteradiel yn de Botniastins. De ûntfangst wie dêr, omdat yn dizze stins in kolleezjeseal makke wurdt foar de Frjentsjer Akademy, in ûnderdiel fan Campus Fryslân.
De universiteit komt sadwaande nei in pear hûndert jier wer nei Fryslân werom. Van Zuijlen is tige wiis mei it krystkongres, want ek dy heart by de akademyske tradysje fan Frjentsjer. Van Zuijlen is oer in pear dagen boargemaster ôf, mar bliuwt foarearst foarsitter fan de Frjentsjer Akademy. "We zijn net een paar maanden bezig, dan kun je niet meteen opstappen."
Sprekkers op it 85e Krystkongres binne heechlearaar Goffe Jensma, direkteur Bert Looper fan Tresoar en boargemaster Van Zuijlen. Njonken earnstige saken is der op it krystkongres ek folop romte foar wille mei ûnder oare de tradisjonele bier-, kabaret- en dellekriich. Dat lêste ûnderdiel is in wedstriid wa't de measte frikandellen ite kin.
It santjinde lustrumkongres hat sa'n sechtich dielnimmers. It giet om leden fan de Fryske studinteferienings Bernlef út Grins en WSSFS út Wageningen.