Kommersjeel manager Bloemers ferlit SC Hearrenfean

It fuotbalfjild van SC Hearrenfean © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Kommersjeel manager Henk Bloemers ferlit SC Hearrenfean. Bloemers wurket noch gjin oardel jier by de klup, mar giet no alwer fuort. Hy soe it net iens wêze mei de lieding oer it te folgjen belied. Bloemers soe ûnder in nije kommersjeel manager wurkje moatte en dat soe er net wolle. Bloemers wurke earder foar De Graafschap as kommersjeel manager en algemien direkteur. Dêrfoar wurke de Achterhoeker ek by NEC. Bloemers hie as opdracht wat te dwaan oan de weromrinnende sponsorynkomsten.