Plannen fleanfjild Lelystêd gean troch

It kabinet bliuwt derby dat Lelystêd Airport flechten oernimt fan lofthaven Skiphol. Yn in debat mei de Twadde Keamer sei minister Cora van Nieuwenhuizen tiisdeitejûn dat it de bedoeling is dat dat bart mei yngong fan 1 april 2019. De minister sil har dêr foar 100 persint foar ynsette. Fleanfjild Lelystêd wurdt útwreide om Skiphol te ûntlêsten. Yn Fryslân, Gelderlân en Oerisel hawwe de plannen foar ûnrêst en protest soarge. In soad minsken binne benaud foar lûdsoerlêst.