Wurkstraf easke tsjin Surhuzumer fanwege slaan mei glês

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in 23-jierrige Surhuzumer is woansdeitemiddei 120 oeren wurkstraf easke, om't er in man mei in glês yn it each slein hawwe soe. De offisier fan justysje easke ek in finzenisstraf fan twa moanne ûnder betingst.
It ynsidint fûn yn juny dit jier plak yn Kollumersweach. It 21-jierrige slachtoffer út Drachten krige op de dûnsflier it glês yn syn each treaun. Hy hat dêrtroch bliuwende skea oan syn pupil en hoarnflues oprûn. Neffens de Surhuzumer wie it barren in ûngelok. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.