Petysje tsjin beammekap yn Wytgaard

© ANP
Sa'n 120 minsken hawwe yntusken har hantekening set ûnder in petysje dy't him keart tsjin de foarnommen kap fan beammen yn Wytgaard. It giet om de kap fan 220 populieren, dy't neffens de gemeente te gefaarlik wurde fanwege har leeftyd. Neffens de opstellers fan de petysje binne de beammen noch gjin 50 jier âld en soene se mei gemak noch trije kear sa âld wurde kinne. De hoop is dat sa'n 200 minsken de petysje ûndertekenje sille. Dy wurdt ein nije wike oanbean oan de gemeente.