CBS: Gruttere ekonomyske groei yn Fryslân

De ekonomy yn Fryslân is ferline jier mei 2,1 prosint groeid. Dat meldt it CBS, it Centraal Bureau voor de Statistiek. De Nederlânske ekonomy as gehiel groeide mei 2,2 prosint, wat betsjut dat Fryslân sawat lykop giet mei de oare provinsjes. Yn 2015 hie Fryslân noch in lytse ekonomyske groei fan 0,5 persint. Der is dus sprake fan in dúdlik ekonomysk herstel yn ús provinsje.
Neffens it statistykburo wie der benammen yn in súdeasten fan de provinsje in flinke groei te sjen. It noarden fan de provinsje bleau just efter op it gemiddelde. De grutste ekonomyske groei wie ferline jier yn de provinsje Noard-Hollân. Dat gie mei 3 prosint foarút.
De wurkgelegenheid yn Fryslân naam ek ta. Foaral yn it súdeasten wie der in groei yn it tal banen te sjen. Yn it noarden fan de provinsje naam de wurkleasheid it meast ôf.