Skoalbern yn Harns krije fjoerwurkbril

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Alle learlingen fan groep 8 yn Harns krije fergees in fjoerwurkbril. It inisjatyf komt fan sikehûs MCL Harns en de gemeente. Wethâlder Maria le Roy dielt woansdei de earste brillen út yn it MCL oan skoalbern fan OBS Middelstein út Mullum. De learlingen wurde dan ek bypraat oer de gefaren fan fjoerwurk troch in eachdokter en in plastysk sjirurch.