Ymkje Clevering nasjonaal en Europeesk kampioen roeien

Ymkje Clevering is sneon nasjonaal én Europeesk kampioen binnendoarroeien wurden. Cleverling wie yn har wenplak Amsterdam te sterk foar al har konkurrinten. De 23-jierrige roeister, ôfkomstich fan Haulerwyk, lei de twa kilometer dy't roeid wurde moast it fluchst ôf. Sy die dat yn in tiid fan seis minuten en fyftich sekonden.