Krystmanlju en -froulju drave troch Harnzer binnenstêd

Ho ho ho, de krystman is wer yn it lân. Dat witte se yn Harns mar al te goed, want dêr waard sneontemiddei yn it sintrum in Santa Run holden. Sa'n hûndert minsken, ferklaaid as krystman of -frou, rûnen en kuieren trije kilometer lang troch de Harnzer binnenstêd. Op tapaslike wize joech boargemaster Roel Sluiter it startskot mei in jinglebell.
De Santa Run wie organisearre troch de Rotary Club fan Harns. De opbringst giet nei twa goede doelen, te witten de Nierstichting en de Babybank. Oanslutend op de Santa Run is de tradisjonele Zoutsloter Krystmerk úteinset.