Stynsgeaer krijt wurkstraf foar slaan mei bierflesse

Rjochter © Omrop Fryslân
In man út Stynsgea hat in wurkstraf fan 60 oeren krigen, omdat er fan 't simmer in oare man mei in bierflesse op de holle slein hat. Dat wie bij de dragraces yn Drachten. De man hie stean te pisjen op in plak dêr't dat net mocht en waard dêr op oansprutsen troch in frou. Har man bemuoide him der ek mei en krige doe in klap mei it bierfleske op de holle.
De fertochte seit dat it slachtoffer him bij de kiel pakt hat, mar der is net ien dy't dat sjoen hie. Njonken de wurkstraf moat de man it slachoffer dik 900 euro skeafergoeding betelje.