Wantrouwen en fragen oer mooglike gaswinning by Ternaard

De rop fan oerheden om mei te tinken oer kompensaasje foar de mooglike winning fan gas by Ternaard, hat yn earste oanset in soad fragen en ek wantrouwen opsmiten. Dat die moandeitejûn bliken op in gearkomste foar ynwenners fan Ternaard. De NAM hat in fergunning oanfrege foar it boarjen nei gas by Ternaard. Dêroer moat noch in beslút naam wurden.
Ferbettering omjouwing
It ministearje fan Ekonomyske Saken, de provinsje, de gemeente Dongeradiel, de NAM en Wetterskip Fryslân wolle mei de ynwenners fan it doarp yn kaart bringe, hoe't it fierder moat mei de gaswinning en de betingsten wêrûnder soks kin. As de gaswinning trochgiet, komt dêr in slompe jild by frij foar it ferbetterjen fan de streek. Dêroer wolle de oerheden en de NAM ek om tafel mei de ynwenners fan Ternaard. Dy binne foarearst behoarlik kritysk, al is Doarpsbelang wol posityf oer it proses.