Tsjinstanners Swarte Pyt wolle opnij protestearje yn Dokkum

Piteprotest by de yntocht fan Sinteklaas yn Rotterdam © ANP
Aksjegroepen Zwarte Piet is Racisme, Stop Blackface, Free Your Mind en Progressive Groningen wolle kommende sneon in manifestaasje hâlde op it marktplein yn Dokkum. Dit ha dizze partijen oankundige by de gemeente Dongeradiel. It soe gean om in manifestaasje foar de frijheid fan mieningsutering en it rjocht om te demonstrearjen. Neffens de inisjatyfnimmers is sprake fan ynstitúsjoneel rasisme by de oerheid en de plysje. De gemeente Dongeradiel komt net earder as woansdei mei in reaksje op de plannen foar de manifestaasje.
In demonstraasje by de lanlike yntocht fan Sinteklaas tsjin swarte pyt waard op de A7 by De Jouwer keard troch in blokkade-aksje fan foarstanners fan Swarte Pyt. Ferfolgens waard de demonstraasje ferbean troch boargemaster Waanders.