Mooglik dochs wer gaswinning by Langsweagen

Gaswinning © ANP
It sjocht der nei út dat der dochs wer gas wûn wurde sil út de tredde put by Langsweagen. In ûntwerpbeslút fan de minister wiist dêrop. Dat meldt it Staatstoezicht op de Mijnen. Dy ynstânsje hie earder drige mei in twangsom fan maksimaal tsien miljoen euro as it gaswinningsbedriuw Vermilion nei gas boarje soe yn de tredde put.
Dy twangsom is no ynlutsen. It gemeentebestjoer fan Hearrenfean is dêr net bliid mei. Boargemaster en wethâlders moatte noch betinke wat se hjir mei oan wolle.