"Gros Nederlanners hat begryp foar blokkearjen piteprotest"

© Camjo Media
Trijekwart fan de Nederlanners hat begryp foar it tsjinhâlden fan it anty-swarte piteprotest, ôfrûne sneon op de A7 by De Jouwer. Dat docht bliken út in enkête fan EenVandaag ûnder 38.000 minsken. De ûnderfrege dielnimmers freegje harren ôf oft de demonstraasje wol freedsum ferrûn wêze soe. Dêrnjonken fine se in demonstraasje tsjin Swarte Pyt gjin foech jaan by in bernefeest. Nettsjinsteande it begryp, fine in protte minsken it wol terjochte dat it Iepenbier Ministearje ûndersyk docht nei de blokkade, om't de wet oertrêden is.
By de blokkade fan sneon waard de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet tsjinhâlden, doe't dy yn trije bussen ûnderweis wie nei Dokkum om te protestearjen tsjin Swarte Pyt.
Ut de enkête fan EenVandaag docht fierder bliken dat it draachflak foar de tradisjonele Swarte Pyt weromrint. Yn 2013 woe 89 persint de tradisjonele Swarte Pyt behâlde, no is dat tebekrûn nei 68 persint.